Dhr H Oldenhof

Us heit, Herman Oldenhof, kaam 8 maaie 2016 yn Huys ter Swaach te wenjen. Us heit wie as histoarikus in man fan de data, en dat er mei syn spesjalisaasje tsjerkeskiednis sicht hie út syn apartemint wei op de âlde Sweachster tsjerketoer wie in moai detail. De dei wie ek belangryk omt er fan jannewaris 2017 ôf al dwaande wie mei de gedachte dat er it personiel út dankberheid trakteare woe as er in jier op De Sweach wenne – as hy dat helje soe, sei er der altyd by.

Uteinlik hat ús heit noch mar fjirtjin moanne op De Sweach libbe. Nei de lêste tiid yn syn eigen hús wie dat in hiele ferlichting. Net dat er graach syn autonomy opjoech, mar de waarmte, it meiïnoar iten en boppe alles de oandacht fan it personiel makken dat er syn lêste eintsje ek noch weardich en weardefol libbe hat. As er in kearke langer lizzen bliuwe woe, koe dat; en dat wie thús mei de thússoarch (begryplik) wol oars. `Ik snap net wêr’t sy safolle leave froulju by mekoar fûn ha,’ sei er fakentiden. It plak midden yn it doarp, de tochtjes mei de rolstoel oer it rolstoelpaad, de bern yn de buert, heit fielde him fan it begjin of oan thús.

De fersoarging wie ynoarder, it personiel ûntkaam hast neat, en der wie altyd romte foar ymprovisaasje. De medyske soarch wie ferantwurde, mei Sweachster húsdokter Mulder op de achtergrûn. Mar it meast bysûndere wie de bân fan it personiel mei ús heit. Sy hiene allegear in bân mei ús heit, elk in oaren. Dat wie it, dat syn lêste perioade faaks net de moaiste mar wol in weardefolle makke.

 

Bouke

Over de auteur

Johan Blaauw

  • Contact opnemen met Huys ter Swaach

    Heb je vragen en wil je contact met Huys ter Swaach?

Deel dit artikel

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

*